Medalje foar rêders

20 jun 2014 - 12:09

Trije Friezen út de omkriten fan It Hearrenfean hawwe in ûnderskieding krige foar in rêdingsaksje. Ferline jier novimber rekke by de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean in auto yn de sleat. De bestjoerder fan de auto koe der net mear útkomme. In frou dy't der del fytste, seach it ûngelok en skeakele help yn. Twa manlju hawwe it rút fan de auto yntrape en de bestjoerder út de auto wei lutsen.

De rêders Hendrik Kok, Bjarne Veenstra en Tecla Brandsma krigen freedtemoarn in medalje en in sertifikaat.

Trefwurden: 
Hearrenfean medalje rêders
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)