Dokk'em Open Air hast los

20 jun 2014 - 11:59

Dokk'em Open Air giet freed om healwei fiven los. Mear as 20 (ynter)nasjonale metalbands sille twa dagen lang optrede yn Dokkum. Dokk'em Open Air belibbet de njoggende edysje. It festival wurdt dit jier hâlden oan de Parkleane, op it eardere terrein fan it asylsikerssintrum. Sawat 120 frijwilligers binne yn it spier foar it festival.

Grutte publykslûkers binne dit jier de Kanadeeske band Annihilator en de Amerikaanske formaasje Death. Fierders spylje der bands út ûnder oare Ingelân, Ruslân, Dútslân, Noarwegen en Sweden.

Trefwurden: 
Dokk'em Open Air metal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)