Stellerij út wente Appelskea
De plysje ûndersiket stellerij út in wente oan de Suder Es yn Appelskea. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei namen dieven in televyzje, in laptop en in beurs mei. Se koenen der maklik yn komme, want de doarren wiene net op slot. De eigener hat oanjefte dien.