Jild om Frysk te toetsen

19 jun 2014 - 21:33

It Ryk stelt acht ton beskikber foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Mei it jild sil in toetsingssysteem opset wurde en komt der ek in learlingfolchsysteem. Dosinten kinne sa, krekt as by oare talen, sjen op wat foar nivo in bern sit. Frysk is in ferplicht fak yn it earste jier fan it fuortset ûnderwiis. Skoallen krije yn it skoaljier 2014-2015 12,37 euro de learling foar lesmateriaal om it fak te jaan.

Foar basisskoallen is 6,28 euro de learling beskikber foar it fak Frysk. Se krije it foar alle learlingen, fan groep 1 oant en mei 8.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)