Oplossing foar Zeilscholen.nl

19 jun 2014 - 18:30

Der is in oplossing betocht om minsken dy't dupearre binne troch it fallisemint fan Zeilscholen.nl te helpen. Dat meldt Loek Hogenhout, de direkteur fan Marketing Friesland. Syn organisaasje hat tongersdei de hiele dei mei oaren oan de oplossing wurke. De oplossing is dat dupearren op fakânsje kinne by oare sylskoallen. Fierder sille de provinsje en Marketing Friesland meibetelje oan de skea fan sa'n heal miljoen euro.

Troch gau mei in oplossing te kommen wurdt besocht de skea oan it imago fan Fryslân as sylprovinsje te beheinen.

De trije gemeenten dêr't Zeilscholen.nl aktyf yn is, sille ek om in finansjele bydrage frege wurde. It giet dan om Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)