LIMOR bestiet fiif jier

De krisisopfang LIMOR bestiet fiif jier. Ta gelegenheid dêrfan waard tongersdei in iepen dei organisearre, dêr't in protte belangstelling foar wie. Ek LIMOR hat te krijen mei foarse besunigings. Soarchtaken gean fan it Ryk oer nei de gemeente en dat giet mei besunigings. Foar de gemeente Ljouwert giet it om in besuniging fan sa'n 15 miljoen per jier.
LIMOR hat dêr dus ek mei te krijen, mar de organsiaasje sjocht toch mooglikheden om op kreative wize de soarchtaken ek yn de takomst útfiere te kinnen.