Grutte feroaring by Burgum

Mei it slaan fan it earste damwanddiel by Burgum is tongersdei it wurk fan de grutste oanbesteging fan de Sintrale As begûn. Net allinnich komt der in nije dyk, mar it kanaal wurdt ek omlein en breder. Dat makket it mooglik dat gruttere skippen gebrûk meitsje kinne fan de farwei fan Rotterdam nei Dútslân. Der komt boppedat in nije brêge.
De gemeente Tytsjerksteradiel lit by Burgum in wetter-wille-park oanlizze. Dat is in rekreaasjegebiet mei skeelerpaden en kuierpaden. By Burgum komt ek noch in wenwyk oan it wetter.
By de megaput by Burgum wurkje provinsje, Rykswettersteat en de gemeente Tytsjerksteradiel gear. Dêrtroch kin de útfiering goedkeaper as dat der apart te wurk gien wie. De Sintrale As fan Nyegea nei Dokkum moat yn 2016 klear wêze.