Kampanje e-fytse nei it wurk

19 jun 2014 - 14:56

Wurknimmers fan bedriuwen op de Hemrik en de Zwette yn Ljouwert kinne de kommende tiid fergees mei de elektryske fyts nei it wurk. De kampanje 'Rij 2 op 5' wurket dêrfoar gear mei Leeuwarden Vrij Baan.

Doel is dat minsken twa dagen yn 'e wike op 'e fyts nei it wurk komme yn stee fan mei de auto. Mirjam de Boer fan 'Rij 2 op 5' fynt dat minsken net ferplichte wurde moatte om de fyts te pakken. 'Het is veel beter om mensen te verleiden om met de fiets naar het werk te komen.'

Sawat 44 bedriuwen yn Ljouwert dogge al mei oan de aksje. Personiel fan bedriuwen op de Zwette of de Himrik dy't net by de aksje oansletten binne, kinne dochs meidwaan. Mear ynformaasje is te finen op www.rij2op5.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)