Auto op kop yn de sleat

19 jun 2014 - 14:14

Op de Wommelserwei by Tsjom is tongerdeitemiddei tsjin healwei ienen in auto op 'e kop yn 'e sleat bedarre. It giet om in iensidich ûngelok. De bestjoerder koe op eigen krêft út it wetter komme. Se is mei pine yn de nekke nei it sikehûs brocht, mar it giet wer goed mei har. De plysje koe noch neat sizze oer de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok auto sleat Tsjom
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)