Parkearjild mei telefoan

Parkearterrein © Stock.XCHNG, Crystal Ayala
Besikers fan Snits en Boalsert kinne njonken mei lytsjild tenei ek mei de mobile telefoan betelje by parkearautomaten. Dat kin fan 21 july ôf. It saneamde Mobile Parkearen is in alternatyf foar de chipknip dy't mei yngong fan 1 jannewaris 2015 ferdwynt. In kaartsje achter it rút is net langer nedich en de besiker betellet allinnich foar de parkeartiid dy't er ek echt brûkt.
Minsken dy't mei it nije systeem betelje, moatte harren earst oanmelde by in provider. Ien kear yn de moanne komt der in ôfrekkening mei in lytse taslach per transaksje.