Famylje wol net út hûs wei

Opskuor by de eksekúsjefeiling fan it hûs fan de famylje Dijkhuizen © Omrop Fryslân
De famylje Dijkhuizen út Snits is net fan plan om út harren hûs te gean. Se fjochtsje de ferkeap fia de rjochter oan. Dat seit Simone Dijkhuizen. It hûs waard tiisdei op in feiling yn it WTC yn Ljouwert ferkocht. Mei in tal sympatisanten besocht de famylje dat op te kearen. Dat soarge foar opskoar op de feiling. De ferkeap giet lykwols wol troch.
De famylje hat in betellingsachterstân op de hypoteek. Se sizze dat de ferkeap fan harren hûs yllegaal is, omdat de Rabobank de orizjinele hypoteekakte net foar it ljocht helje kin.
Neffens de famylje is de hypoteek sûnder harren witten trochferkocht. Se erkenne harren liening net as legaal.