'Untslaggen yn jeugdsoarch'

Sa'n 100 fan de goed 600 meiwurkers fan Jeugdhulp Friesland krije tongersdei te hearren oft se boppetallich ferklearre wurde of net. Sy ferlieze mooglik har baan troch besunigings by de gemeenten. Dy nimme de jeugdsoarch oer fan it ryk en de provinsje, mar moatte dat mei miljoenen euro's minder dwaan.
Direkteur Anthonio fan Jeugdhulp Friesland seit dat de besunigings op in hiel ûngelokkich momint komme. De wachtlist foar alle soarten soarch rint op. No binne der al tritich oant fjirtich bern dy't net binnen njoggen wiken holpen wurde kinne.
Anthonio wol foar de ein fan it jier ôfspraken meitsje mei de provinsje om ekstra jild te krijen om de wachtlist fuort te wurkjen. Mei de gemeenten wol er besjen oft it baneferlies by Jeugdhulp Friesland beheind wurde kin. Mooglik kinne gemeenten meiwurkers oernimme, omdat gemeenten ek in diel fan de taken fan Jeugdhulp Friesland oernimme.