'Huzen foarearst net djoerder'

De oanlûkende huzemerk sil foarearst net soargje foar hegere huzeprizen. Dat seit makelder Tjerk Dijkstra út Damwâld yn reaksje op de nijste sifers fan it kadaster. Dêr docht út bliken dat de huzeferkeap yn Fryslân ôfrûne maaie mar leafst 60 persint heger lei as in jier ferlyn.
Neffens Dijkstra is de ferbettering fan de ferkeap benammen te finen yn de groeikearnen. Op it plattelân, foaral yn Noardeast-Fryslân bliuwt it dreech. De prizen sitte noch nergens yn de lift.