11-stêdetocht populêrder as WK

19 jun 2014 - 10:32

De Alvestêdetocht is folle populêrder as it WK fuotbal. Dat docht bliken út ûndersyk fan Hendrik Beerda fan Brand Consultancy ûnder twatûzen Nederlanners. Neffens it ûndersyk is it imago fan it WK fuotbal de ôfrûne jierren hieltyd minder wurden. It entûsjasme foar it Nederlânsk alvetal wurdt ek minder. Sporters lykas Sven Kramer en Epke Zonderland hawwe folle mear fans as de populêrste Oranjespiler Arjen Robben.

De Alvestêdetocht stiet op it twadde plak yn de top 10 fan sterkste merken by sporteveneminten. De Olympyske Spelen stean earst.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht WK fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)