Sobibor-konsert giet 'on tour'

19 jun 2014 - 07:54

It konsert 'Er reed een trein naar Sobibor' fan It Nationaal Symfonisch Kamerorkest ûnder lieding fan dirigent Jan Vermaning fan De Jouwer giet ynternasjonaal op toer. It konsert giet oer de deportaasje fan de no 93-jierrige Jules Schelvis. Hy waard yn 1943 fan Westerbork nei ferneatigingskamp Sobibor yn Poalen deportearre. Schelvis hat it kamp oerlibbe en fertelt dêroer by it konsert.

De premjêre is op 30 juny yn Amsterdam. Begjin july gean se nei Berlyn en Lublin.

Oanslutend oan de optredens sille de spilers in besite bringe oan ferneatigingskamp Sobibor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)