Swimbad Boalsert bliuwt iepen

Swimbad Vitaloo yn Boalsert bliuwt iepen. Dat seit wethâlder Durk Stoker. Woansdei prate de polityk oer de takomst fan it bad dat troch besunigings drige ticht te moatten. De gemeente moat 370.000 euro besunigje en woe de subsydzjekraan foar it swimbad yn Boalsert tichtdraaie.
Nei ferskate aksjes fan ynwenners is der no in basis lein foar de bekostiging fan it swimbad. Hoe't de konstruksje der krekt út komt te sjen, kin Stoker noch net sizze. Ynkoarten sille de belutsen partijen mei-inoar om tafel om it plan fierder út te wurkjen.
De gemeente seit ta 100.000 oant 150.000 euro oan subsydzje oan it swimbad te jaan. Dat is mooglik troch it skowen mei ferskate subsydzjepotsjes.