Diskusjejûn oer Europaplein

19 jun 2014 - 06:31

D66, Verenigd Links, NLP en Pal/GrienLinks hâlde tongersdeitejûn in debat oer it Europaplein. De Ljouwerter partijen wolle graach fan de omwenners hearre hoe't sy oer de ferskate plannen foar it plein tinke. It kolleezje fan b. en w. hat in plan makke mei fytstunnels ûnder it Europaplein troch. Dêrmei wol it kolleezje de ferkearsfeiligens ferbetterje.

Omwenners fine de plannen lykwols net by it karakter fan it Europaplein passen. Boppedat soenen de tunnels in gefoel fan sosjale ûnfeiligens oproppe, sizze se.

De gemeenteried sil ynkoarten in beslút nimme oer it nije Europaplein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)