Earste fakânsjepas útrikt

De webside fan de fakânsjepas © www.kindervakantiepas.nl
Wethâlder Durk Stoker fan Súdwest-Fryslân rikt tongersdeitemiddei de earste fakânsjepas fan syn gemeente út. Mei de pas kinne bern mei koarting meidwaan oan sportive en kulturele aktiviteiten yn de simmerfakânsje. De pas is foar fiif euro te keap, mar bern út in gesin mei in minimumynkommen krije de pas fergees.
De earste pas wurdt útrikt by de Wetterpoarte yn Snits en giet nei ien fan de bern dy't al oanmeld is foar aktiviteiten dy't yn it ramt fan de ynfiering fan de pas organisearre wurde.