Priis bêste artikels bliuwt

De doarpswebside fan Wommels © Omrop Fryslân
De gemeente Littenseradiel giet troch mei it útrikken fan prizen foar de bêste artikels yn doarpskranten en op doarpswebsiden yn de gemeente. Yn 2012 die Littenseradiel dat foar it earst, mei it idee om der yn elts gefal trije jier mei troch te gean.
Nei in evaluaasje hawwe boargemaster en wethâlders besletten om de priis in ferfolch te jaan. Wol wurde der tenei in earste, twadde en tredde priis útrikt. Foarhinne wie der allinne in earste priis. De 500 euro oan prizejild wurdt oer dy trije prizen ferdield.