Omwenners brân wer nei hûs

18 jun 2014 - 15:29

De bewenners fan alle hûzen oan it Ruterskertier yn Ljouwert kinne werom nei hûs. Se hoege gjin ferfangende wenromte te sykjen foar de kommende nacht. Om it middeisoere hinne bruts der brân út op de boppeferdjipping fan sushirestaurant Kyo oan it Ruterskertier. Nei in oere wie de brân ûnder kontrôle.

By de brân is gjin asbest frijkaam. De wenning en it restaurant bliuwe foarearst ticht. De technyske resjerzje moat noch ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan de brân. De wenning dêr't de brân ûntstie, wie net bewenne.

De skea oan de gebouwen njonken it restaurant liket yn earste ynstânsje ta te fallen. It giet dan om kafee Shooters en Club Red. Der is reek- en wetterskea. By de brân rekke net ien ferwûne.

Boargemaster Crone fan Ljouwert is op dit stuit yn Hendrik-Ido-Ambacht foar it VNG-kongres. Hy hat de brân op ôfstân folge en komt woansdei noch werom nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Ljouwert brân ruterskertier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)