Brân Ljouwert ûnder kontrôle

18 jun 2014 - 13:13

De grutte brân yn it sintrum fan Ljouwert is ûnder kontrôle. De brânwacht hat it sein 'brandmeester' jûn. It fjoer ûntstie om it middeisoere hinne yn in wenning boppe sushirestaurant Kyo oan it Ruterskertier. Nei in oere hie de brânwacht alles ûnder kontrôle.

Nei de melding waard der fuortendaliks grut opskaald, omdat it gebou yn tichte bebouwing stiet. Omlizzende gebouwen binne fuortendaliks nei it útbrekken fan de brân ûntromme. Ek waarden omlizzende korpsen oproppen.

Omwenners waarden fia in NL-alert oproppen om doarren en ruten ticht te hâlden. Restauranteigener Ronald van der Wijk is bot skrokken. Hy hat gjin idee wat de oarsaak fan de brân is. Der wie net ien yn it gebou.

Der is net ien ferwûne rekke.

In 19-jierrige man út Burgum is woansdeitemiddei oanhâlden by de brân oan it Ruterskertier yn Ljouwert. De man hie de plysje misledige en waard dêrop oanhâlden, hy hie gjin relaasje mei de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)