Steaten foar wynmûnepark

18 jun 2014 - 12:20

Provinsjale Steaten binne wol foar wynmûneparken, mar wêr't se krekt komme, moat letter dit jier besletten wurde. Dat docht bliken út de gearkomste fan Provinsjale Steaten fan woansdei. Kolleezjepartijen PvdA, CDA en FNP steane achter de opdracht fan it ryk om 530,5 megawatt oan wynenerzjy te realisearjen.

It kolleezje fan Deputearre Steaten hâldt foarearst fêst oan in wynmûnepark op de Iselmar, dêr't 250 oant 400 megawatt wynenerzjy wûn wurde kin.

VVD yn Provinsjale Steaten fynt it spitich dat Fryslân trochset mei it wynmûneplan. De partij is tsjin wynmûnen, op it lân en op de Iselmar.

Ferslachjouwer Onno Falkena folget de steategearkomste en docht ferslach op Twitter.
De gearkomste is ek live te folgjen op omroplive.nl.

Wat wurdt der Twittere?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)