Flinke besuniging yn Ljouwert

In fyfde part fan de ynwenners fan de gemeente Ljouwert wurdt troffen troch de gefolgen fan de oerheveling fan taken fan it ryk nei de gemeenten. De gemeente krijt 180 miljoen euro fan it ryk, mar dat is fierstente min om alle taken útfiere te kinnen. It gefolch is dat 15 miljoen besunige wurde moat.
Konkreet gefolch is ûnder oare dat alle âldere Ljouwerters harren wyklikse fergese skjinmakhelp ferlieze en ek moatte se sels mear betelje foar helpmiddels lykas in rollator. Ek op de jeugdsoarch wurdt in miljoen besunige.
Direkteur Roeli Mossel fan soarchynstelling Palet en de Friese Wouden ferwachtet dat it nijs oer de besunigings foar in soad ûnrêst soargje sil. De gemeente hat de âlderen noch net op 'e hichte brocht, mar it komt no wol yn de media.