Steaten begûn mei folksliet

De steategearkomste begjint mei it Frysk folksliet © Twitter: Sietske Poepjes
De Provinsjale Steaten binne woansdeitemoarn begûn mei it sjongen fan it Fryske folksliet. It is net de gewoante om de Steaten op dizze wize te begjinnen, mar it inisjatyf hjirfoar kaam fan de publike tribune. Dy siet ûnder oaren fol mei minsken dy't kamen foar de diskusje oer de wynenerzjy. De Steateleden dienen dêrnei spontaan steand mei.
Deputearre Sietske Poepjes twittere dat se it in moai begjin fan de steategearkomste fûn en dat it miskien mar faker moast.
Ferslachjouwer Onno Falkena folget de steategearkomste en docht ferslach op Twitter.
De gearkomste is ek live te folgjen op omroplive.nl.