Kening by betinkingskonsert

Jan Vermaning en Jules Schelvis © www.erreedeentreinnaarsobibor.nl
De Stichting Nationale Herdenking Joure organisearret in konserttoernee ûnder de namme "Er reed een trein naar Sobibor". Moandei 30 juny is kening Willem-Alexander oanwêzich by de premjêre yn de Westertsjerke yn Amsterdam. It konsert giet oer de reis dy't de no 93-jierrige Jules Schelvis yn juny 1943 makke. Hy is de iennichste fan syn transport dy't it ferneatigingskamp Sobibor oerlibbe. It konsert bestiet út it ferhaal fan Schelvis ôfwiksele mei muzyk fan it Nationaal Symfonisch Kamerorkest dat ûnder lieding stiet fan de Jouster Jan Vermaning.
De toernee symbolisearret it transport nei it ferneatigingskamp. Nei Amsterdam folget Berlijn en Lublin yn Poalen.