Kroechbesiker stelt telefoan
Yn Ljouwert hat de plysje tiisdeitejûn in 43-jierrige ynwenner fan it Drintske Eelde oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in mobile telefoan. De man wie yn in kafee oan de Foarstreek. Op de taap lei in mobyl fan in personielslid dy't ynienen fuort wie. De besiker hie him yn de bûse. De plysje hat de man ynsletten.