Man mei platboaiem fermist

18 jun 2014 - 06:48

De plysje makket melding fan de fermissing fan Bouke Koene út Nederhorst den Berg. De man is ferline wike freed 13 juny mei syn boat mei de namme "Peerke" fuortfearn út de jachthaven fan dat plak. Tsjin syn dochter hat er sein dat er rjochting Warkum farre soe. Sûnt dy dei is neat mear fan him fernommen. Koene is hertpasjint en hat medisinen nedich.

Bouke Koene hat griis-wyt hier en in grutte wite snor en burd. Syn boat is in platboaiem fan 10 meter lang, mei in blauwe romp en in wite opbou. Op de achterkant sit in bank mei reade kessens.

Wa't wit wêr't Bouke Koene is of him sjoen hat wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
fermist Warkum Bouke Koene
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)