'Steaten net oer wyn beslute'

Provinsjale Steaten dogge der goed oan om woansdei gjin beslút te nimmen oer in grutskalich wynmûnepark yn de Iselmar. Dat seit wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân. Sy fynt dat de provinsje de alternative plannen foar wynmûnen fan 'Fryslân foar de Wyn' op oare lokaasjes yn Fryslân in kâns jaan moat en pleitet dêrom foar útstel. De gemeente Súdwest-Fryslân is tsjin it grutskalige wynmûnepark yn de Iselmar. Neffens de gemeente is dat plan skealik foar rekreaasje, toerisme en de natuer.
De steaten prate woansdei oer Wynstreek 2014.
De belangrykste ûnderdielen fan dat plan binne de tasizzing oan it Ryk om yn Fryslân 530 megawatt oan wynenerzjy te realisearjen. In grutskalich wynmûnepark yn de Iselmar soe allinnich al 400 fan dy 530 megawatt leverje moatte.
De gemeente Súdwest-Fryslân wol sels ek graach mear belutsen wurde by de beslútfoarming oer wynenerjzy. De gemeente stiet tichter by de minsken, besluten oer lytsere wynmûneparken oant 100 megawatt hearre dêrom ek troch de gemeente nommen te wurden en net troch de provinsje, fynt Súdwest-Fryslân.