Skylge yn elektryske auto's

Bewenners fan it eilân Skylge kinne meikoarten gebrûk meitsje fan elektryske dielauto's. Ferline wike binne de earste 39 elektryske auto's fan it projekt Skylge-e-auto oerfearn. Nei Oerol wurde de auto's oer it eilân ferspraat en kinne Skylgers dy't elektrysk autoride wolle har oanmelde. Inisjatyfnimmer is Hans Werner út Amsterdam. Hy ferwachtet in soad fan it projekt Skylge-e-auto.nl. Der binne no 2000 auto's op it eilân, wylst der mar 85 kilometer autodyk is op Skylge.
De elektryske auto is dêrom goedkeaper en miljeufreonliker.
Skylge e-auto hat de helberens fan it projekt wiidweidich ûndersocht. It is it doel om nei ferrin fan tiid 100 elektryske auto's op it eilân út te setten. Sa'n 17% fan de autobesitters op it eilân soe fan doel wêze om de eigen auto te ferkeapjen, as der elektryske dielauto's op it eilân komme.
Skylgers meie net mei de e-auto oer it strân ride. It giet om frij lichte auto's dy't hjir net op berekkene binne. De gemeente Skylge en de provinsje Fryslân wurkje ek mei oan it projekt. It giet hjir foaral om it pleatsen en regeljen fan 35 laadpeallen foar elektryske auto's. Dy wurde yn de rin fan dit jier pleatst.