Deade poppe: 3 jier sel en TBS

In 25-jierrige frou út Ljouwert hat trije jier selstraf en tbs mei betingst krigen foar de dea fan har acht moannen âlde poppe. De frou hat har jonkje falle litten en dêrtroch rekke hy swier ferwûne. De poppe ferstoar letter yn it sikehûs yn Grins. De frou hie problemen mei drank en drugs. Se wie ûnder ynfloed doe't it jonkje de ferwûnings oprûn.
Ut ûndersyk fan it Pieter Baansintrum docht bliken dat de frou Borderline hat. De straf komt oerien mei de eask fan it Iepenbier Ministearje.