Omrop oansletten by Publeaks

17 jun 2014 - 12:13

Kloklieders dy't gefoelige ynformaasje lekke wolle nei Omrop Fryslân, kinne dat fan no ôf folslein feilich en anonym dwaan. Omrop Fryslân hat him oansletten by Publeaks.nl. Publeaks is in inisjatyf fan ferskate lanlike media. Yntusken binne der inkele tsientallen lanlike en regionale omroppen, kranten en websiden by oansletten.

De webside soarget derfoar dat elkenien feilich lekke kin nei de parse. De ôfstjoerder bliuwt folslein anonym en kin sels kieze nei hokker media hy of sy de dokuminten, lûds- of byldfragminten stjoere wol.

Untfangende media-organisaasjes kinne yn in befeilige omjouwing de bestannen ynsjen en bewurkje. It inisjatyf is bedoeld om kloklieders te beskermjen, misstannen oan ‘e kaak te stellen en ûndersykssjoernalistyk te stimulearjen. Haadredakteur Diederik Bonarius: "Omrop Fryslân wol in platfoarm wêze foar elkenien, ek as it giet om misstannen yn de maatskippij. Wy wolle dêryn ús ferantwurdlikheid nimme. Mei Publeaks biede wy minsken in manier om ús feilich en anonym te tippen oer saken."

Publeaks makket gebrûk fan in saneamd TOR-netwurk om derfoar te soargjen dat de ôfstjoerder fan ynformaasje net te trasearjen is. By in TOR-netwurk surft in brûker oer it ynternet fia oare kompjûters. Dêrtroch is de ynformaasje oer de brûkte kompjûter en dêrmei de brûker net sichtber. De ynformaasje dy’t de kloklieder ferstjoert, wurdt dêrneist mei koades ferstjoerd. As Omrop Fryslân keazen wurdt as ûntfanger, dan is de Omrop de ienige dy’t de ‘kaai’ hat om dy ynformaasje te ûntfangen. Mocht de ynformaasje dochs troch oaren ûnderskept wurde, dan is it foar harren net mooglik it materiaal te ûntsiferjen. Publeaks hat sels ek gjin tagong ta de bestannen.

Kloklieders dy't ynformaasje stjoere wolle oan de redaksje fan Omrop Fryslân, kinne dat dwaan fia Publeaks.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)