'Hellingbaanflat moat bliuwe'

Hellingbaanflat yn Ljouwert © Google Streetview
Ien fan de saneamde 'Hellingbaanflats' yn de Ljouwerter wyk Schieringen moat stean bliuwe, dat fynt erfguodferiening Bond Heemschut. De flats fan Elkien stean op de nominaasje om sloopt te wurden om plak te meitsjen foar nijbou.
Neffens Bond Heemschut hearre de flats ta it erfguod út de 'wederopbouw'-perioade nei de oarloch. De flat dy't boukundich yn de bêste steat is, soe dêrom as 'monumint' stean bliuwe moatte.