Trije auto's yn botsing op A32

17 jun 2014 - 09:30

Op de A32 by de ôfslach Wurdum binne tiisdeitemoarn trije auto's en in frachtauto mei-elkoar yn botsing kaam, dêrby is in 28-jierrige frou út Ljouwert ferwûne rekke. Sy seach by it opriden in auto oer de holle, dy auto skeat dêrtroch nei de oare helte en waard dêr rekke troch in tsjinlizzer. Uteinlik bedarre dizze auto yn 'e sleat. Troch it ûngelok rekke ek noch in tredde auto skansearre. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehús brocht.

It ûngelok soarge foar files yn beide rjochtings.

Trefwurden: 
ûngelok A32 Wurdum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)