Oane Galama wint yn Winsum

Oane Galama hat moandeitejûn de ynhelwedstriid fan it fierljeppen yn Winsum wûn. Yn syn twadde sprong ljepte de klassemintslieder 20.55 meter. Thomas Helmholt waard mei in persoanlik rekôr fan 20.33 twadde, syn broer Bart tredde mei 19.74.
De winst by de froulju wie mei 14.23 foar Lisanne Hulder, foar Marrit van der Wal mei 13.84. Age Hulder ljepte mei in meagere 16.37 it fierst by de junioaren. Jan Teade Nauta wie mei 16.19 de bêste by de jonges. Woansdei wurdt ljept op De Jouwer, sneon yn Gryptsjerk.