Skylgers kieze foar e-auto

Bewenners op Skylge kinne gebrûk meitsje fan elektryske dielauto's. De earste 39 auto's wurde ynkoarten oer it eilân ferspraat, wêrnei't Skylgers harren oanmelde kinne foar it projekt 'Skylge-e-auto'. Inisjatyfnimmer is Hans Werner út Amsterdam.
Der binne no 2000 auto's op it eilân, wylst der mar 85 kilometer autodyk is. De elektryske auto is goedkeaper en miljeufreonliker. It plan is úteinlik 100 elektryske auto's op it eilân te pleatsen. Sa'n 17% fan de autobesitters soe fan doel wêze om de eigen auto te ferkeapjen, blykt út ûndersyk.
De gemeente Skylge en de provinsje Fryslân wurkje ek mei oan it projekt. It giet dan foaral om it pleatsen en regeljen fan 35 laadpeallen foar elektryske auto's. Dy peallen wurde yn de rin fan dit jier pleatst.