'Skier kin claim ferwachtsje'

16 jun 2014 - 17:34

De gemeente Skiermûntseach kin rekkenje op in grutte finansjele claim fan hotel Zandt aan Zee. Dat seit eigener André Zandt. It hotel moast freed de doarren slute om't de brânfeiligens net yn oarder wie. De brânwacht wol dat der in nije brânmelder en ûntrommingsynstallaasje komt.

Neffens Zandt doocht neat fan de argumintaasje fan de brânwacht. It giet om in lyts hotel dêr't 24 oeren deis tafersjoch is wêrtroch't de easken net fan tapassing binne. Zandt riedt him ta op in gong nei de rjochter en hat der alle betrouwen yn dat er gelyk krijt.

André Zandt reageart op de útspraak fan de gemeentewurdfierder ferline wike freed by Omrop Fryslân, dy't dêryn sei dat de feiligens fan de hotelgasten nea yn gefaar komme mei. It hotel is noch altyd ticht. It restaurant is wol iepen. Gasten dy't it ôfrûne wykein boekt hiene, krigen oar ûnderdak. Foar takom wykein moatte alle oernachtings ôfsein wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)