Man ferwûne by fal troch dak

16 jun 2014 - 15:16

By in bedriuwsûngelok yn Koudum is moandeitemiddei in wurknimmer fan in asbestsanearringsbedriuw ferwûne rekke doe't er troch it dak foel. De man wie dwaande op it dak fan in pleats oan it Syl, doe't er krekt foar twa oere troch it dak foel. Ambulânsepersoniel hat de man behannele, wêrnei't er mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht is.

Hoe't it krekt mei de man giet, is ûnbekend. De ynspeksje sil ûndersyk dwaan nei de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)