Fjildûlen feroverje Fryslân

16 jun 2014 - 13:50

Fryslân belibbet in ynvaazje fan fjildûlen. Gewoanwei briede sy foaral op de Waadeilannen, mar der komme hieltyd mear meldings binnen fan briedgefallen op it fêste lân. Sawol út natoergebieten as fan it plattelân. Ien fan de plakken dêr't de fjildûle oan it breiden is, is yn natoergebiet Skrok by Easterein. De fûgels binne dêr hiel kwetsber, omdat se yn it iepen fjild sitte. Minsken kinne de fjildûlen moarns betiid of jûns let fleanen sjen. It mantsje stiet dan faak sichtber op wacht by it nêst.

De provinsje is ree om boeren finansjeel te stypjen as sy it meanen foar sa'n briedgefal útstelle.

Trefwurden: 
Skrok fjildûle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)