Harns hat alles ûnder kontrôle

16 jun 2014 - 12:11

Yn Harns nimt de spanning foar de Tall Ships Races ta, mar de gemeente Harns hat neffens boargemaster Roel Sluiter alles ûnder kontrôle. It evenemint mei de grutte sylskippen wurdt fan 3 oant en mei 6 july yn de Fryske havenstêd hâlden. Bewenners fan de gemeente ha in soad fragen oer de Tall Ships Races. Se freegje har benammen ôf hoe tagonklik de binnenstêd is. Boargemaster Sluiter seit dat der wol wat opûnthâld wêze sil, omdat auto's safolle mooglik bûten it sintrum hâlden wurde.

Fia de webside en ynformaasjejûnen wol de gemeente de Harnzers sa goed mooglik ynformearje. De skatting is dat der sa'n 350.000 minsken nei de Tall Ships Races yn Harns komme sille.

Trefwurden: 
Harns Tall Ships Races
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)