Grutte behoefte oan skilders

Der binne de kommende twa jier 100 nije skilders nedich yn Fryslân. De oplieding SchildersCool yn Ljouwert hat de grutste muoite jonge skilders te finen mei leafde en talint foar it ambacht. De oplieding wurdt betelle troch skildersbedriuwen mei-inoar. Neffens de skilders is it dreech om jongeren entûsjast te meitsjen en te hâlden foar it skildersfak. Nettsjinsteande de krisis is der foar lytse bedriuwen altyd noch in protte wurk. Lanlik binne der 1400 jonge skilders nedich.