Hynders teplak yn Bitgummole

16 jun 2014 - 10:31

By maneezje Waarland yn Bitgummole wurde sûnt 2010 âlde hynders en ponnys opfongen. De bisten kinne der yn alle rêst de lêste jierren fan it libben trochbringe. Moandei kaam de 23-jierrige Jordan derby. De Stichting yn Bitgummole is oprjochte om maneezjehynders in goed plak te bieden as de maneezjes se net mear hawwe wolle. Neffens de sichting is der meastal neat regele foar maneezjehynders dy't te âld wurden binne om noch alle dagen te draven.

Trefwurden: 
hynders Bitgummole maneezje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)