'Te min omtinken foar G-sport'
Der wurdt yn Fryslân te min omtinken jûn oan sporters mei in ferstanlike hendikep. Dat sei foarsitter Bert Kuiper sneintejûn nei ôfrin fan de offisjele ôfsluting fan de Special Olympics 2014. Oan dizze nasjonale spelen foar minsken mei in ferstanlike beheining diene ôfrûne wykein op lokaasjes yn Snits en op It Hearrenfean goed 2000 sporters mei. Kuiper konstatearret dat sportoanbieders somtiden frjemd opsjogge wannear't frege wurdt oft se ek aktiviteiten foar ferstanlik hendikepte sporters organisearje.
Om se dêrby te helpen hat de organisaasje fan de Special Olympics in fûns oprjochte wêryn 100.000 euro sit.