Steenstra kening Sint Jabik

Tjisse Steenstra is snein kening wurden fan de frije formaasjepartij foar haadklassers yn Sint Jabik. Mei Herman Sprik en Cornelis Terpstra wie er yn de finale mei 5-2 en 6-6 te sterk foar it partoer Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma.
Olijnsma krige yn de finale kramp en koe amper mear opslaan. It wie oer de hiele dei in matige keatserij yn Sint Jabik mei fierste folle opslachflaters.