Driigjende ûntslachgolf soarch

In grut part fan it fasilitêr personiel fan fersoargingshuzen yn Fryslân driget dien te krijen. Fakbûn Abvakabo en wurkjouwersorganisaasje Actiz foarsizze in ûntslachgolf yn de soarch. Yn hiel Nederlân sille 50.000 oant 100.000 minsken harren baan ferlieze. It giet benammen om meiwurkers yn de húshâlding, de keuken of de tún.
De ûntslaggen komme troch besunigings fan de oerheid op fersoargingshuzen. Wurkjouwers kieze derfoar om 'hannen oan it bêd' te hâlden en te besparjen op oar personiel.
Yn Fryslân wurkje in protte minsken yn de soarch. Dêrom sil it baneferlies hjir goed te fernimmen wêze.