Foar 27.000 euro boetes ynbard

Jild © ANP XTRA
De plysje Noard-Nederlân hat sneontemoarn foar goed 27.000 euro oan iepensteande boetes ynbard. Dat wie by in saneamde eksekúsje-aksje. Se gean dan del by minsken dy't noch in finzenisstraf útsitte moatte of dy't noch in boete betelje moatte.
De plysje hat op 312 adressen yn Fryslân, Grinslân en Drinte west. Dêrby binne 54 persoanen oanhâlden. Njoggen fan harren betellen fuotendaliks, de oaren moasten it gefang yn.