Ploech Aukes wint lânstitel

15 jun 2014 - 11:31

De Fryske kuorbaltrainer Gerald Aukes fan Grou hat sneon mei syn ploech KZ yn Dordrecht de nasjonale fjildkuorbaltitel wûn. Syn ploech út Koog Zaandijk fersloech yn de finale Fortuna út Delft mei 15-17 nei in 11-7 foarsprong by it skoft.

Aukes hat twa jier trainer lang west by Koog Zaandijk. Hy nimt no ôfskie mei de fjildtitel. Takom seizoen wurdt Aukes trainer fan topklasser DVO út Bennekom. De titel fan sneon is Aukes syn earste priis op it heechste nivo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)