Van der Steen wint Loppersum

14 jun 2014 - 23:46

Henry van der Steen hat sneontejûn yn Loppersum de fiifde wedstriid fan it iepen NK gersbaan wûn. Yn de searjes wie de koereur út Aldebiltsyl net de rapste. Dat wie Jannick de Jong, dy't al syn searjes wûn. Van der Steen waard trije kear twadde. Yn de finale sloech Henry van der Steen ta. Gordykster Jannick de Jong waard twadde, Sjoerd Rozenberg fan Nijeberkoop tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)