Jaarsma kening sachte-bal-PC

14 jun 2014 - 23:06

Robert Rinia, Jan Bauke Tolsma en Kevin Jaarsma ha sneon op it Frjentsjerter Sjûkelân de tredde edysje fan de sachte-bal-PC wûn. Ut in list fan 62 partueren waard de finale mei 5-3 en 6-2 wûn fan Bauke van der Graaf, Jasper Boomsma en Jan Hospes, de winners fan ferline jier. Kevin Jaarsma naam de keningstitel oer fan Jan Hospes. De ferliezend finalisten hiene yn de heale finale mei 5-5 en 6-6 wûn fan Gerrit Meijer, Dennis Wijnjeterp en Johannes Boersma. De oare lytse preemje wie foar Harm Jilderda, Reinder Huisman en Jan Geert Dijkstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)