Harry Sweering earst en twad

Hurdfytser Harry Sweering is dwaande mei in bêst seizoen. Freed wûn er yn Limboarch de klimklassiker Limburgs Mooiste. In dei letter waard er twadde yn de tsiende edysje fan de Omloop fan de Kompenije oer 100 kilometer. Mei de ploechmaten Joris Blokker en Rick van Breda naaide Sweering fier foar healwei koers út. It like derop dat de trije wer pakt wurde soene troch it peloton, mar dat barde krekt net. Yn de finale sprong Rick van Breda en wûn mei oermacht. Snitser Harry Sweering sprinte nei it twadde plak.