NK foar Peins en Sint Jabik

© ANP
It partoer fan Peins, mei de keatsters Leentsje Bootsma en Hiske en Marrit Zeinstra, is sneon yn Drylts Nederlânsk kampioen keatsen wurden by de famkes. Yn de finale wûnen sy mei 5-2 en 6-4 fan Berltsum mei Esmée Ynema, Anke Zwart en Ilse Tuinenga. De lytse preemjes wiene foar de partoeren fan Mantgum en Raerd.
Sint Jabik wûn yn Stiens it NK by de jonges. Sil Leystra, Gideon Swanson en Remco Schiphof wiene yn de finale mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Hijum/Feinsum mei Hielke Beijering, Jetse Lutzen Plantinga, Laas Pieter van Straten.
De 3e priis wie foar de ôfdieling Frjentsjer mei Wesley Bollema, Mark Jan Ykema, Marco de Groot.